Offisjele nammen foar wetters

28 feb 2007 - 16:16

Alle wetters yn Boarnsterhim ha no in offisjele namme. De gemeentlike geakundekommisje hat 30 jier dwaande west mei it yn kaart bringen fan alle orizjinele nammen. Se binne bondele yn in boekje en woansdei oanbean oan deputearre Mulder.

Op de kaart fine we nammen as it Snippegat, it Jantsjedroechgat en it Skromelân. Allegear nammen dy't generaasjes lang brûkt binne en no drigen ferjitten te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)