Snitser by konsert yn de loft

28 feb 2007 - 12:47

De 24-jierrige Jackie Hettinga fan Snits wie tiisdei by in konsert fan de Ingelske band Jamiroquai op tsien kilometer hichte. De konsertflecht gie fan München nei Athene. Der wiene sawat 200 minsken oan board. De band helle mei it optreden in plak yn it Guinness Book of Worldrecords.

Hettinga hie in kaartsje wûn mei in priisfraach fan in telefoanbedriuw. Hy mocht ek noch mei sjonger Jay Kay prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)