Maatregels terrorisme negeard

© Omrop Fryslân
De Fryske polityke partijen negeare massaal it advys fan de Nationale Koördinator Terrorismebestrijding om alle kampanje-aktiviteiten oan te melden by de gemeenten. It nasjonale terrorismepunt wol dat omdat gemeenten dan ynskatte kinne oft der mooglik ekstra befeiligingsmaatregels nommen wurde moatte.
Alle 13 Fryske listlûkers hawwe in brief krigen. Op it stuit binne der gjin oanwizings foar terrorisme.