Fean wol frouljusfuotbal

© Omrop Fryslân
Sportclub Hearrenfean wol meidwaan oan de earedivyzje foar froulju. Dat hat de club yn in brief oan it fuotbalbûn KNVB witte litten.
Foar 1 maart moasten clubs trochjaan oft se ynteresse hiene foar de frouljuskompetysje. Ek Cambuur hie yn earste ynstânsje ynteresse, mar earedivyzjeklubs krije foarrang by sa'n kompetysje. Hearrenfean is dus ien fan de mooglike dielnimmers.