Jagers wurkje mei lokguozzen

© Omrop Fryslân
By Fegelingsoard hat de plysje tiisdeitemoarn twa jagers út Gelderlân oanhâlden. De manlju makken gebrûk fan lokguozzen en in lûdsbandsje om oare guozzen te lokken. Soks is ferbean. Dêrneist hiene de jagers in oansketten, noch libjende guos yn in stik greide lizze litten.
De plysje hat de apparatuer fan de twa jagers yn beslach nommen. De plysje besiket te regeljen dat de jachtakte fan de manlju net ferlingd wurdt.