Te folle netten yn Iselmar

27 feb 2007 - 22:51

Trijekwart fan alle netten foar de bears- en snoekbearsfiskerij op de Iselmar moat fuortsaneard wurde. Dat fynt biolooch Marco Kraal fan de lanlike belangenorganisaasje Sportvisserij Nederland.

Der hat krekt in sanearing west fan de beropsfiskerij op de Iselmar, mar dat hat neffens Kraal eins allinnich holpen by de ielfiskerij en net by de fiskerij op bears- en snoekbears. De fiskers beprate de kwestje ynkoarten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)