Grutte kontrôle op A7 by Wûns

27 feb 2007 - 17:09

De plysje hat tiisdei in grutte ferkearskontrôle hâlden op de A7 by Wûns. Mear as hûndert bestjoerders waarden kontroleard. Der waard spesjaal letten op op oanhangers en karavans.

Net alle bestjoerders hiene in rydbewiis by harren, mar der wiene der ek by dy 't hielendal gjin riidbewiis hiene. Sa hat de plysje in frou oanhâlden dy't al tweintich jier sûnder rydbewiis rûnrydt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)