Digitale dossiers kostje jild

27 feb 2007 - 12:34
MCL- Ljouwert

Allinnich as sikehûzen mear jild krije fan de oerheid kin der in goed digitaal pasjintedossier komme. Dat seit anesthesiolooch Theo Van Gelder fan it MCL-sikehûs yn Ljouwert.

Yn in rapport fan de ynspeksje foar de sûnenssoarch stiet dat guon gegevens fan in pasjint net yn ien dossier sitte. Dêrtroch bestiet der kâns op flaters yn de operaasjekeamer. De ynspeksje wol dêrom digitale dossiers. Dat kostet lykwols in soad jild.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)