Rogers giet werom nei Amearika

27 feb 2007 - 12:13
Robby Rogers hjir noch yn aksje foar Hearrenfean tsjin Jong FC Twente (sc-heerenveen.nl)

It kontrakt fan Robby Rogers by sportclub Hearrenfean wurdt op fersyk fan 'e spiler mei yngong fan 1 maart ûntbûn. De Amerikaanske spiler giet werom nei syn heitelân.

De 19-jierrige middenfjilder, dy't benammen yn it belofteteam fan de Feansters spile, stiet sûnt septimber 2006 ûnder kontrakt. Rogers sil nei alle gedachten wer fuotbalje yn 'e Major League Soccer. By hokker club dat wêze sil, is noch net wis.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)