Fertochte brân 1996 oanhâlden

27 feb 2007 - 11:39
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat 13 febrewaris in 43-jierrige ynwenner fan Achtkarspelen oanhâlden. De man wurdt der fan fertocht belutsen te wêzen by de dea fan Reinder Lulofs. Dy ferstoar yn septimber 1996 oan de gefolgen fan in brân yn syn pleatske yn Twizelerheide.

De brân ûntstie nei in ynbraak yn it pleatske, dêrby waard ûnder oare in tal âlde horloazjes meinaam. Koartlyn sette de plysje in nij team op de saak nei nije oanwizings.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)