Brân yn Aldehoarne

27 feb 2007 - 10:25

In ynwenner (79) fan Aldehoarne hat tiisdeitemoarn sokke slimme brânwûnen oprûn dat er opnommen is yn it Brandwondencentrum Beverwijk. De man rekke ferwûne by in brân yn syn wente. Dy ûntstie nei alle gedachten troch in eksplodearjende gaskachel. Omwenners hearden in knal. Boppedat hie de man belle mei Energieservice Fryslân dat syn kachel it net die.

De brânwacht hat de brân blust. Der folget noch ûndersyk nei de oarsaak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)