'Fergees sporte foar jeugd'

Alle jongeren yn Fryslân fan tolve jier en âlder moatte in sporttas krije, dy't rjocht jout op in jier lang fergees sporte. Dat fynt de ChristenUnie. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de measte jongeren yn Fryslân wol oan sport dogge, mar net genôch. Dat hat gefolgen foar har sûnens.
De ChristenUnie ferwachtet dat jongeren nei it fergese jier sa entûsjast oer sport binne dat se der mei trochgean.