Sykaksje yn Drylts

26 feb 2007 - 22:26

Plysje en brânwacht hawwe moandeitemiddei yn Drylts socht nei in mooglike drinkeling oan de Lantingawerf.

Oan de kant fan it wetter waard in autopet oantroffen en yn it wetter in bal. Der waard net ien fermist, mar út foarsoarch binne in dûkteam en in helikopter ynsetten. Der is net ien oantroffen. Om acht oere hinne moandeitejûn is de sykaksje staakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)