Hepie en Hepie wer by elkoar

26 feb 2007 - 20:08

It duo Hepie_en_Hepie komt wer by elkoar. De twa nichtjes Hepie_Hiemstra en Hepie_Postma hienen yn 1980 in grutte hit mei it nûmer ´Ik lig op mijn kussen´.

De nije plaat moat yn maaie útkomme. De earste single ferskynt al yn april. De oanlieding foar de reuny is it 25-jierrich artystenjubileum fan Hepie_Hiemstra. Ein jierren tachtich gie it duo út elkoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)