Benefyt foar dupearren brân

26 feb 2007 - 16:51

De brân op it Breedpaad yn Hearrenfean hat de útbaters fan ytkafee Oberon folslein ruïnearre. Se wiene net goed fersekere, doe't der ein desimber brân útbruts yn de shoarmasaak fan de buorman.

Mei in benefytkonsert, in feiling en in fûns wolle fêste klanten, freonen en kollega's de beide eigners helpe in nije saak op te bouwen. Op 9 maart wurdt it konsert hâlden yn diskotheek Bacchus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)