Kollumerlân enerzjybewust

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Kollumerlân leverje oer sa'n 25 jier mear enerzjy op as se ferbrûke. Dat is alteast de ferwachting fan wethâlder Tjisse Hogendorp. Hy ferwachtet dat omdat Kollumerlân in soad omtinken jout oan ferskate foarmen fan griene enerzjy.
De gemeente hie moandei ek in primeur. Ynkoarten bouwe de bedriuwen VDM Wonen en Kootstra Van der Veen twa wenten yn Kollum dy't seker likefolle enerzjy opsmite as dat se kostje.