Breeuwsma nei WK shorttrack

Daan Breeuwsma (foto: Martin de Jong)
Daan_Breeuwsma (19) fan Aldeboarn docht op 10 en 11 maart mei oan it wrâldkampioenskip shorttrack yn Milaan. Breeuwsma waard ôfrûne wykein ferrassend twadde by it Nederlânsk kampioenskip yn Den Haach. Dat wie genôch foar de KNSB om him oan te wizen foar ik WK.
De oare dielnimmers binne Niels_Kerstholt, Annita_van_Doorn en Maaike_Vos. Vos is lid fan shorttrackklub Thialf út It Hearrenfean.