Havenstaete oanpast
De konstruksje fan it appartemintekompleks Havenstaete yn Harns wurdt oanpast. It boubedriuw docht dit neidat de gemeente Harns de bou ferline wike stopsette.
In konstrukteur fan de gemeente fûn dat de konstruksje net sterk genôch wie. It boubedriuw út Borger sprekt dit tsjin, mar om jildfergriemen foar te kommen wurdt it fûnemint dochs oanpast.