Waad wurdt skjinner

26 feb 2007 - 14:02

De Waadsee is de ôfrûne 30 jier folle skjinner wurden. Dat komt trochdat der minder dong en fosfaat yn de rivieren sit, sa docht bliken út ûndersyk fan it Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee.

De fersmoarging fan de Waadsee wie tusken 1985 en 1990 op syn slimst. Dêrnei is it alle jierren wat better gong. It ferbod op it gebrûk fan fosfaat yn waskmiddelen hat dêr ek by holpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)