Gjin nije rûnwei Heech

26 feb 2007 - 12:54

De rûnwei om it doarp Heech hinne kin foarearst net trochgean. De rjochtbank fynt dat it ûndersyk nei de natoer yn it gebiet dêr't de nije dyk komme moat net yngreven genôch west hat.

As it wurk net foar 1 jannewaris klear is, ferfalt trije miljoen subsydzje. Hegemers ha ferslein reageard op de útspraak. Mei it ferfallen fan de subsydzje wurde ek de buorren net opknapt en ferfalt de mooglikheid om mear wenten te bouwen by de mar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)