Molotov-cocktail tsjin moskee

26 feb 2007 - 10:23

Tsjin de doar fan in moskee oan it Súdfliet yn Ljouwert is moandeitemoarn nei alle gedachten in molotov-cocktail smiten. It foarwerp rekke de foardoar. Dêrtroch ûntstie foar it gebou in lyts brantsje.

Yn it gebou sels ûntstie gjin brân. De plysje docht in ûndersyk yn de omkriten. De technyske resjerzje is mei in spoare-ûndersyk begûn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)