Ravaazje yn hûske Finkegea

25 feb 2007 - 15:15
Foto: Omrop Fryslân

Yn in fakânsjewente oan de Westvierdeparten yn Finkegea is troch ynbrekkers in ravaazje oanrjochte. In Amsterdammer (51) kaam sneontejûn nei in pear wike wer by it hûs en seach dat it ljocht en de tv oan wie.

De plysje hat de wenning ûndersocht. De barbeque wie brûkt yn de wenkeamer en de oven én de frituerpanne stiene oan. Ut buertûndersyk die bliken dat der al in skoft in jongeman sjoen wie by it hûs. De plysje siket dizze man.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)