Ungelok by Akkrum

© Omrop Fryslân
In frou (29) út Aldeboarn is sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Boarnsterdyk by Akkrum.
De frou siet as passazjier yn de auto by har 35-jierrige man. Hy stie op de ôfrit stil om ôf te slaan yn de rjochting fan Aldeboarn. In 63-jierrige man út Nes (Boarnsterhim) hie dat te let troch en botste mei syn auto achterop de oare auto. De frou is mei pine yn nekke en búk oerbrocht nei it sikehûs fan It Hearrenfean.