'Rampedraaiboek net kompleet'

Logo fan de Dokterswacht
It rampedraaiboek fan Fryslân is net alhiel kompleet trochdat 65 húsdokters noch hieltyd net meidogge mei Dokterswacht Fryslân. De Dokterswacht hat in wichtige rol by it organisearjen fan help by in grutte kalamiteit lykas in útbraak fan fûgelgryp.
It ynskeakeljen fan húsdokters dy't net oansletten binne by de Dokterswacht, sil mooglik ekstra tiid kostje.