Eigen wimpel foar Snits?

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits krijt mooglik in eigen gemeentlike wimpel. In ynwenner fan de gemeente wol dat mei in saneamd boargerinisjatyf foar inoar krije. Der binne foar alle gemeenten ûntwerpen foar sokke wimpels yn omrin, mar net elke gemeente hat der ek ien.
De yntsjinner fan it idee seit dat it brûken fan in wimpel foardielen hat. In flaggemêst dy't net brûkt wurdt kinne je der bygelyks sier mei jaan. De ried praat hjir begjin maart oer.