Boekewiken binne súkses

25 feb 2007 - 09:34

De Fryske Boekewiken rinne goed, fynt de Stifting It Fryske Boek. Neffens boekhannelers wurkje de Boekewiken mei oan hege ferkeapsifers en troch it grutte oanbod fan literêre programma's duorje de Boekewiken no sechstjin dagen, ynstee fan tsien.

De Boekewiken binne juster offisjeel begûn, mei it Boekefeest. Dêr waard ek it boekewikegeskink, 'Mindgames', fan Koos Tiemersma, presintearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)