Ferlies foar SC Hearrenfean

24 feb 2007 - 21:55

SC Hearrenfean hat sneontejûn de útwedstriid tsjin Roda JC mei 1-0 ferlern. De iennige goal fan de wedstriid foel yn de 43e minút en kaam op namme fan Oper. By Hearrenfean makke Age Hains Boersma yn de 80e minút syn debút yn it earste fan Hearrenfean.

Troch it ferlies is Hearrenfean no achtste. It ferskil mei de nûmer fiif, Feyenoord is oprûn ta sân punten. Nije wike spilet Hearrenfean tsjin Ajax.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)