Djoer ferlies foar ONS Snits

24 feb 2007 - 16:55

ONS Snits is oprûn tsjin in djoere nederlaach yn de sneonshaadklasse fan it amateurfuotbal. Thús waard mei 2-0 ferlern fan Be Quick '28 út Swolle. Yn de 57ste minút makke Jesper Buenk de earste goal en yn de 76ste minút makke Eric Jan Lijzen de 2-0.

Harkemase Boys wûn wer ris. Yn Grins waard Oranje Nassau mei 1-0 ferslein. Wierd Kuipers makke al gau de iennichste goal. ONS is noch hieltiid twadde en Harkemase Boys is njoggende.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)