Kampearboeren op fakânsjebeurs

24 feb 2007 - 16:50

Friezen sykje de rêst fan it plattelân en de natuer ek bûten de grinzen van de provinsje. Net om der te wenjen, mar om der op fakânsje te gean. De kampearboeren dy't sneon op de Fakânsjebeurs yn it FEC yn Ljouwert stiene, komme nammentlik hast allegear fan bûten Fryslân.

Neist boeren út de oare dielen fan Nederlân wiene der ek boeren út Dútslan, Eastenryk en Frankryk. De beurs luts mear as 8000 besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)