Skelet dit wykein noch te sjen

24 feb 2007 - 14:35
De brachiosaurus snein foar 't lêst

Dit wykein is it foar it lêst dat it 11 meter hege skelet fan de brachiosaurus te sjen is yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert. De brachiosaurus hat yn twa moanne sa'n 10 tûzen besikers lutsen.

It skelet fan ien fan de grutste bisten dy't ea omrûn hat, wie trije wike langer te sjen as earst pland. It skelet moat no echt fuort en krijt in definityf plak yn it Oertijdenmuseum yn Boxtel.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)