Sjoerd de Vries no earste

24 feb 2007 - 14:06

Reedrider Sjoerd de Vries fan Twellingea stiet nei trije ôfstannen op it earste plak by it Wrâldkampioenskip allround junioaren yn Innsbruck. Op de 1500 meter waard er sânde. De nûmer ien Mo waard 41ste en dus gie er him foarby.

De Vries hat foar de ôfslutende 5 kilometer no 77 hûndertsten foarsprong op 'e nûmer twa, de Kanadees Phillipe Riopel. Op de 3 kilometer wie De Vries noch flugger as de Kanadees.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)