'Grinslân sieddet panyk'

© Omrop Fryslân
De provinsje Grinslân is dwaande mei panyk-saaierij neffens deputearre Piet Bijman. Neffens de buorprovinsje binne de ynwenners fan Fryslân en Grinslân net feilich by in oerstreaming. Unsin fynt Bijman want de kâns op in oerstreaming is tige lyts.
Fryslân wol earst mear ûndersyk dwaan litte. Sa moat dúdlik wurde wat no it konkrete gefaar is by in oerstreaming en wêr't skea ûntstean kin. Dy útkomsten wurde ynkoarten ferwachte.