Ynfo oer ferkiezings yn byb

© Omrop Fryslân
Friezen kinne foar ynformaasje oer de kommende steateferkiezings terjochte by alle biblioteken. Dêr binne aparte hoekjes ynrjochte dêr't minsken bygelyks programmafergelikings en posters fine kinne.
Yn sân gruttere biblioteken lizze ek noch foarbylden fan wat de provinsje eins docht. En de biblioteken meitsje der in punt fan dat se goeie betroubere ynformaasje leverje sille.