Brutsen kaak troch blompot

24 feb 2007 - 10:27

In frou fan 20 jier út Ljouwert hat freed in brutsen kaak oprûn by in rûzje mei in húsgenoat. Dy sloech har mei in glêzen blompot. De frou moast nei it sikehûs yn Ljouwert brocht wurde foar behanneling.

De húsgenoat is oanhâlden troch de plysje. Him wurdt swiere mishanneling te lêste lein. Hy sit noch yn de sel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)