Ynfallen by hûnehannelers

© Omrop Fryslân
De lanlike ynspeksje dierebeskerming, de LID, hat woansdei acht hûnehannelers yn Twizelerheide en Kollumersweach kontrolearre. De hannelers waarden fertocht fan yllegale praktiken, mar der binne gjin oertredings oan it ljocht kaam. De plysje fûn foaral lege skuorren.
In ynfal yn Kollumersweach rûn út de hân, derby rekke in plysjewein skansearre.