Nominaasjes saak fan 't jier

© Omrop Fryslân
De nominaasjes foar it bedriuw fan it jier 2006 binne bekend. It giet om jirpelbedriuw HZPC fan De Jouwer, Sonesto BV út Drachten dy't klûskes en postfakken makket en Vitalis, ek út Drachten. Dy makket ûnder oare scootmobyls.
De útrikking fan de priis is op 24 april yn Harns. Yn de sjuery sitte fakminsken en ek deputearre Piet Bijman. De winner krijt in sulveren byld.