Jild brûke foar kar oplieding

23 feb 2007 - 10:37

In part fan it jild foar bettere staazjebegelieding yn it ûnderwiis moat foar loopbaanbegelieding brûkt wurde. Dat fynt Loek Hermans, foarsitter fan wurkjouwersorganisaasje MKB-Nederland. Hy sei dat op in ferkiezingsgearkomste yn Drachten.

Neffens him kinne jongeren better begelaat wurde yn it kiezen fan in oplieding. Der komme no tefolle jongeren fan skoalle mei in diploma dêr't wurkjouwers neat mei kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)