SP wol deputearre jeugdsoarch

© Omrop Fryslân
Der moat in spesjale deputearre komme foar jeugdsoarch, ûnderwiis en earmoedebestriding. Dat wol de Fryske SP-fraksje yn de steaten. Se fine dat de problemen op dy trije gebieten sa grut binne dat in spesjale deputearre him allinich dêr oer bûgje moat.
De SP twifelt oft de wachtlisten by de jeugdsoarch wol echt fuort binne. Ek it spesjale ûnderwiis foldocht net oan de easken dy't neffens de fraksje steld wurde.