'Centrale As' komt tichterby

Yn 2011 moat der in fjouwerbaansdyk lizze tusken Dokkum en de Wâldwei
De oanlis fan in nije autodyk tusken de Wâldwei en Dokkum is wer in stik tichterby kommen. In mearderheid fan de gemeenterieden fan Dongeradiel en Tytsjerksteradiel is akkoart gien mei in grutte finansjele bijdrage oan de dyk.
Beide gemeenten betelje hast 12 miljoen euro mei oan de oanlis fan de dyk. Earder fannewike gie de ried fan Dantumadiel ek al akkoart mei in bijdrage oan de Sintrale As.