Kliïnten Talant yn Kruidhof

© Omrop Fryslân
De Botanyske museumtún De Kruidhof yn Bûtenpost krijt nije wurknimmers. Acht kliïnten fan Talant, minsken mei in ferstanlike beheining, sille fan 7 april ôf yn Tuincafé De Uithof en it winkeltsje fan de tún oan it wurk.
De Kruidhof hat troch de gearwurking mei Talant hieltydn minsken oan it wurk en kin dêrom yn de takomst mear aktiviteiten en eveneminten organisearje.