Foarsizzing foarkarstimmen CDA

© Omrop Fryslân
De CDA-ers op de list foar de Steateferkiezings helje tusken de 3.000 en de 8.000 foarkarstimmen. Dat foarseit de ferkiezingsenkête fan bureau Vraaghetdevries.nl.
Ald Twadde Keamerlid Rendert Algra is listtriuwer op it 26ste plak. Hij hat oan 1.600 foarkarstimmen genôch om yn de Steaten te kommen. It slagge him net om op dy wize yn de keamer te kommen. Doe moast er 16.000 stimmen ha, it waarden der dik 10.000.