Nije wenwyk Boalsert yn 2008

© Omrop Fryslân
Yn Boalsert wurdt takom jier uteinset mei de nije wenwyk Hartwerdervaart. Der komme 125 nije hûzen, foar it grutste part keapwenten.
Der komme ek 14 starterswenten. Starters op de wenningmerk kinne in spesjale liening krije om makliker oan in keaphûs te kommen. Betingst is wol dat se net âlder as 35 binne, foar it earst in hûs keapje en in hierhûs yn Boalsert achterlitte.