Pineholleklinyk ek foar bern

© Omrop Fryslân
Yn it Antoniussikehûs yn Snits is de twadde pineholleklinyk fan Fryslân iepene. De Sionsberg yn Dokkum hat ek sa'n klinyk, mar dêr is in wachtlist fan sân jier.
De pineholleklinyk yn Snits rjochtet him ek spesjaal op de behanneling fan bern. Njonken in bernedokter pakke in neurolooch, in psycholooch en in fysioterapeut de klachten oan. Sa hoege de bern net mear trochferwiisd te wurden