Bettere kontrôle kriminelen

22 feb 2007 - 17:17

Plysje en justysje wolle ynbrekkers en ferfelende jongerein mear op de hûd sitte. Dat kin mei mei de komst fan in saneamd Feiligenshûs. It is de bedoeling dat Fryslân oer in jier sa'n 'hûs' krijt.

It giet net om in echt hûs, mar om in nij oerlisorgaan fan plysje, justysje, gemeenten en reklassearring. Der binne al mear sokke huzen yn Nederlân. Fjouwer jier lyn waard it earste Feiligenshûs iepene yn Tilburg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)