D66-site ûnderwiisklachten

22 feb 2007 - 13:37

D66 Fryslân hat in ynternetsite iepene foar klachten oer it ûnderwiis yn 'e provinsje. De site is net allinnich bedoeld foar learlingen en âlden, mar ek foar leararen en bestjoerders yn it ûnderwiis.

De partij hat de site opset om't der in soad klachten binne oer it ûnderwiis, mar ta ferbetteringen komt it net. Troch de klachten op de site te bondeljen, hopet D66 mei oplossings komme te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)