Snútslach foar lûde muzyk

22 feb 2007 - 11:33

In 33-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn oanhâlden op fertinking fan mishanneling. Hy soe syn buorman (23) in snútslach jûn hawwe by in rûzje. Dy wie ûntstien nei't de buorman neffens de 33-jierrige de muzyk te lûd hie.

It slachtoffer hâlde oan 'e mishanneling in bluodderige ferwûning oer. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo foar ferhear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)