N381: pas nei ferkiezings

22 feb 2007 - 09:44

Provinsjale Steaten hawwe woansdei noch gjin beslút naam oer de N381 tusken Drachten en Drintske grins. Nei de Steateferkiezings wurdt deroer praat oft de wei twabaans bliuwt of fjouwerbaans wurdt.

Ferkearsdeputearre Baas woe de mooglikheid iepenhâlde om der in fjouwerbaansdyk fan te meitsjen. Mar dêrfoar wie gjin mearderheid. Koalysjepartij PvdA stimde ek tsjin Baas syn plan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)