Grutte brân It Hearrenfean

Gjin snie op it Hearrenfean, mar skûm fan 'e brânwacht
In grutte brân hat woansdeitejûn foar grutte skea soarge oan in opslach en in hoarekasaak yn it sintrum fan It Hearrenfean. De melding fan de brân oan de Gedempte Molenwijk kaam tsjin alve oere binnen by de brânwacht. Dy rukte mei grut materieel út.
De brân is nei alle gedachten ûntstien yn in himpkwekerij op de boppeferdjipping fan de opslach. De brânwacht hie it fjoer nei goed oardel oere ûnder kontrôle.