Gjin MFC yn Feanwâlden

© Omrop Fryslân
Der komt foarearst gjin multifunksjoneel sintrum yn Feanwâlden. Op it plak dêr't it gebou komme moat sit no noch in kafee. De gemeente en wenningstifting Dantumadiel kinne gjin akkoart berikke mei de eigner fan it kafee oer in ferhuzing. Der is dêrom besletten om it plan foarearst te skrassen.
It beslút is yn it doarp hurd oankaam. Benammen by de takomstige brûkers as it âlderen- en jongerenwurk.