MFA Skoatterwâld letter klear

© Omrop Fryslân
It slagget net om in multi-funksjonele akkommodaasje yn de wyk Skoatterwâld op it Hearrefean te bouwen foar it bedrach dat de gemeente der foar reservearre hat. Dat docht bliken út de Europeeske oanbesteging fan de bou.
It ienichste bedriuw dat ynskreaun hat seit dat de kosten folle heger wêze sille. De gemeente wol no mei it bedriuw om tafel om te besjen wêr't op besunige wurde kin. De bou sil dêrtroch wol letter klear wêze.